Dick Cheney
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dick Cheney (folút: Richard Bruce Cheney; Lincoln (Nebraska), 30 jannewaris 1941), is in Amerikaansk Repulikeinsk politikus en sakeman fan mingd Ingelsk, Welsk, Iersk en hugenoatsk Frânsk etnysk komôf. Om utens krige er pas bekendheid doe't er fan 2001 oant 2009 ûnder George W. Bush de 46ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten wie; yn eigen lân spile er lykwols al folle langer yn 'e top fan 'e polityk mei, en wied er foartiid û.m. minister fan Definsje en stêfsjef fan it Wite Hûs. As fise-presidint waard er rûnom sjoen as de "tsjustere macht efter de troan", dy't yn it echt de beslissings naam, wylst Bush syn marionet wie. It is ûnwierskynlik dat it safier gie, mar in feit is dat er ien fan 'e ynfloedrykste fise-presidinten út 'e Amerikaanske skiednis wie. Mei dêrtroch, mar ek fanwegen it trochinoar griemen fan syn politike taken mei syn wurkpaad as ûndernimmer, is Cheney teffens ien fan 'e meast hate politisy fan 'e Feriene Steaten.
Dick Cheney | ||
politikus | ||
echte namme | Richard Bruce Cheney | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 30 jannewaris 1941 | |
berteplak | Lincoln (Nebraska) | |
etnisiteit | Frânsk Iersk Ingelsk Welsk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2001 – 2009 | |
foargonger | Al Gore | |
opfolger | Joe Biden | |
Amerikaansk minister fan Definsje | ||
amtsperioade | 1989 – 1993 | |
foargonger | Frank Carlucci | |
opfolger | Les Aspin | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 1ste Distrikt fan Wyoming) | ||
amtsperioade | 1979 – 1989 | |
foargonger | Teno Roncalio | |
opfolger | Craig L. Thomas | |
Stêfsjef fan it Wite Hûs | ||
amtsperioade | 1975 – 1977 | |
foargonger | Donald Rumsfeld | |
opfolger | Hamilton Jordan |