Dublin
From Wikipedia, the free encyclopedia
Dublin (Iersk: Baile Átha Cliath) is de haadstêd fan Ierlân en is ek de haadstêd fan greefskip Dublin en fan de provinsje Leinster. De stêd leit oan de eastkust fan it lân en wurdt fan de rivier de Liffey trochsnien.
Fluch de feiten
Dublin Baile Átha Cliath | ||
Polityk | ||
Lân | Ierlân | |
Provinsje | Leinster | |
Boargemaster | Hazel Chu | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 506.211(2008) | |
Oerflak | 115 km² | |
Befolkingsticht. | 4398 / km² | |
Stêdekloft | 1.661.185 | |
Oar | ||
Stifting | 988 | |
Tiidsône | WET (UTC0) | |
Koördinaten |
Slute
Dublin yn it jier 988 stifte troch de Wytsingen. It plak groeide út ta it Keninkryk Dublin en waard it wichtichste plak nei de Normandyske ynvaazje. De stêd stiet op it 29e plak fan stêden yn de Global Financial Centres Index en is ien fan de fluchst waaksende haadstêden yn Europa. It is it histoaryske en kulturele sintrum fan it lân en teffens in modern sintrum fan ûnderwiis, keunsten, oerheid, ekonomy en yndustry.
- Kastiel Dublin
- Alde enerzjysitrale fan Guinness (net mear brûkt)
- North Quay
- Famine Memorial (Ierske hongersneed (1849-1850) fan Rowan Gillespie, Custom House Quay