Grutte Brân fan Londen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grutte Brân fan Londen (Ingelsk: Great Fire of London) wie in stedsbrân yn de stêd Londen dy't fan 2 oant 5 septimber 1666 duorre. De brân ferwoastge in grut part fan de stêd, ek de City of London, mei in oerflak fan sa'n oardel mile yn it fjouwerkant, mei 87 tsjerken en 13.200 huzen. In pear moanne earder wie der yn Londen in pestepedimy útbrutsen.