Passendale
From Wikipedia, the free encyclopedia
Passendale is in doarp yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen en op it heden in dielgemeente fan Zonnebeke. It leit op de hichterêch Passendale-Esen, dy't trochrint rjochting Westrozebeke.
Fluch de feiten
Passendale | ||
De neoromaanske Sint-Audomarustsjerke | ||
Polityk | ||
Lân | Belgje | |
Gemeente | Zonnebeke | |
Provinsje | West-Flaanderen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2,928 (1991) | |
Oerflak | 22,22 km² | |
Befolkingsticht. | 131,8 / km² | |
Hichte | m | |
Oar | ||
Postkoade | 8980 | |
Koördinaten |
Slute
Passendale is sûnt de Earste Wrâldkriich in begryp: hûnderttûzenen soldaten sneuvelen der op it slachfjild. Itselde jildt foar it tichtby lizzende Yper. Op de himrik fan Passendale leit it begraafplak Tyne Cot Cemetery. Passendale hat ek noch in New British Cemetery, in Canadian Memorial en in New Zealand Forces Memorial.
Omdat it Britske leger (Frânsktalige) Belgyske stafkaarten brûkte, mei de âlde skriuwwizen fan de Flaamske toponimen, is it plak yn Ingelske oarlochsliteratuer bekend as Passchendaele.