Wilhelm Röntgen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Wilhelm Conrad Röntgen (Lennep (no in wyk fan Remscheid), 27 maart 1845 - München, 10 febrewaris 1923) wie in Dútsk natuerkundige. Hy is benammen ferneamd fan de ûntdekking fan de nei him ferneamd röntgenstrieling (as X-strieling). Yn 1901 ûntfong er de earste Nobelpriis foar de Natuerkunde foar syn ûndersyk.
Wilhelm Röntgen | ||
Wilhelm Röntgen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Wilhelm Conrad Röntgen | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 27 maart 1845 | |
berteplak | Lennep | |
stoarn | 10 febrewaris 1923 | |
stjerplak | München | |
wurkpaad | ||
berop/amt | natuerkundige | |
reden bekendheid | ûntdekking fan en ûndersyk nei radioaktiviteit |
Ta eare fan Röntgens prestaasjes ferneamde de International Union of Pure and Applied Chemistry (IUPAC) yn 2004 elemint 111, Röntgenium, in radioaktyf elemint mei meardere ynstabile isotopen, nei him. Ek de mjitienheid Röntgen waard nei him ferneamd.
Röntgens ûntdekking betsjutte in revolúsje yn ûnder oaren de medyske diagnostyk en die sines ta oare wichtige ûntjouwings yn de 20e iuw, bygelyks de ûntdekking fan en ûndersyk nei radioaktiviteit.