Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren (American Academy of Arts and Letters, AAAL) is in Amerikaansk genoatskip dat himsels ta doel steld hat om 'e Amerikaanske literatuer, muzyk en keunst oan te fiterjen. De organisaasje waard yn 1904 oprjochte troch leden fan it Nasjonaal Ynstitút foar Keunsten en Letteren (National Institute of Arts and Letters), wêrmei't er yn 1976 fúzjearre ûnder de namme fan Amerikaanske Akademy en Ynstitút fan Keunsten en Letteren (American Academy and Institute of Arts and Letters). Yn 1992 waard de hjoeddeiske namme oannommen.
American Academy of Arts and Letters | ||
Audubon Terrace, yn New York, dêr't de Amerikaanske Akademy fan Keunsten en Letteren fêstige is. | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | AAAL | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | befoardering f.d. Amerikaanske literatuer, muzyk en keunst | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1904 | |
offisjele webside | ||
www.artsandletters.org |
De AAAL is fêstige yn 'e Washington Heights-buert fan 'e Newyorkske wyk Manhattan, en is eigner fan ferskate keunstgaleryen dy't tagonklik binne foar it publyk. De organisaasje stiet lykwols fral bekend om it grutte tal prizen dat útrikt wurdt.