Antilopekobisten
From Wikipedia, the free encyclopedia
De antilopekobisten (Latynske namme: Tragelaphini, ek wol Strepsicerotini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla), it ûnderskift fan 'e wjerkôgers (Ruminantia), it tuskenskift fan 'e hoarndieren (Pecora), de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae) en de ûnderfamylje fan 'e kobisten (Bovinae).
Antilopekobisten | ||
In pear elandantilopen (Taurotragus oryx). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | evenhoevigen (Artiodactyla) | |
(sûnder rang): | baarch- en walfiskeftigen (Artiofabula) | |
(sûnder rang): | walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia) | |
ûnderskift: | wjerkôgers (Ruminantia) | |
tuskenskift: | hoarndieren (Pecora) | |
famylje: | holhoarnigen (Bovidae) | |
ûnderfamylje: | kobisten (Bovinae) | |
tûke: | antilopekobisten (Tragelaphini) | |
Tragelaphini: Ellerman et al., 1953 Strepsicerotini: Simpson, 1945 | ||
Dizze taksonomyske groep omfiemet de antilope-eftige kobisten, dy't inkeld yn Afrika foarkomme. Yn ferhâlding ta de nau besibbe echte kobisten (Bovini), binne de antilopekobisten oer it generaal lichter boud, mei langere halzen en in oansjenlik mjitte fan seksuële dimorfy. Acht fan 'e tsien soarten antilopekobisten hawwe de status 'kwetsber', wylst inkeld de beide grutste soarten, de elandantilope (Taurotragus oryx) en de reuze-elandantilope (Taurotragus derbianus), noch rûnom foarkomme yn harren ferspriedingsgebiet.