Australysk Haadstedsk Territoarium
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Australyske Haadstedsk Territoarium (Ingelsk: Australian Capital Territory), ek yn it spraakgebrûk gauris ôfkoarte ta ACT, is ien fan 'e beide selsbestjoerende binnenlânske territoaria fan Austraalje. It omfiemet in lytse enklave yn it súdeasten fan it Australyske fêstelân, dy't folslein omjûn wurdt troch de steat Nij-Súd-Wales. De iennichste stêd en fierwei de grutste delsetting yn it territoarium is de Australyske federale haadstêd Canberra. Mei 0,03% fan it nasjonaal grûngebiet is it ACT fierwei it lytste Australyske gewest. It is lykwols ek it tichtstbefolke gewest. Neffens gegevens út 2012 hie it ACT doe goed 373.000 ynwenners, wat delkomt op 1,0% fan 'e totale Australyske befolking, en wêrmei't it in gruttere befolking hat as it Noardlik Territoarium, hoewol't dat mear as 600 kear sa grut is.
Australysk Haadstedsk Territoarium Australian Capital Territory | |
---|---|
flagge | wapen |
Ingelsk: For the King, the law and the people ("Foar de kening, de wet en it folk") | |
lokaasje yn Austraalje | |
algemien | |
ôfkoarting | ACT |
lân | Austraalje |
status | territoarium |
haadstêd | Canberra |
grutste stêd | Canberra |
sifers | |
ynwennertal | 373.100 (2012) |
befolkingstichtens | 160 / km² |
oerflak | 2.358 km² (ynkl. wetter) 2.280 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC+10 (S.T. UTC+11) |
webside | www.act.gov.au |