Autonome distrikten fan Ruslân
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Russyske Federaasje is ûnderferdield yn 85 dielgebieten (bestjoerlike ienheden). Fjouwer fan dy dielgebieten binne autonome distrikten. Trije fan dy distrikten meitsje wer diel út fan in oblast; op in kaartsje mei oblasten kinne dy mei of sûnder it autonome distrikt werjûn wurde. Sûnt 2000 is dêrboppe in oerkoepeljende bestjoerlike laach ynsteld, yn 'e foarm fan federale distrikten.