British Academy of Film and Television Arts
From Wikipedia, the free encyclopedia
De British Academy of Film and Television Arts ("Britske Akademy fan Film- en Tillefyzjekeunsten") of BAFTA is in Britske ûnôfhinklike goeddiedichheidsorganisaasje dy't fêstige is yn Londen. De organisaasje, dy't al bestiet sûnt 1947, ûnderstipet, ûntwikkelet en promoatet "de keunstfoarmen fan it bewegende byld", d.w.s. film, tillefyzje en kompjûter- en fideospultsjes. Dêrta organisearret de BAFTA it hiele jier rûn lêzings, staazjes, kursussen, workshops en sa mear yn sawol Grut-Brittanje as de Feriene Steaten. It bekendst is de BAFTA lykwols wurden troch de prizen dy't de organisaasje útrikt, wêrfan't de meast ferneamde en prestizjeuze de British Academy Film Awards of BAFTA's binne. Dat binne de Britske wjergaders fan 'e Amerikaanske Oscars. De British Academy of Film and Television Arts rikt dêrnjonken lykwols ek prizen út op it mêd fan tillefyzje, tillefyzjetechnyk, bernetillefyzje, fideospultsjes en regionale films, tillefyzje en fideospultsjes.
British Academy of Film and Television Arts | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | BAFTA | |
nasjonaliteit | Britsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | stipe oan en promoasje foar de keunstfoarmen fan it bewegende byld | |
haadkertier | Londen (Ingelân) | |
oprjochte | 1947 | |
offisjele webside | ||
www.bafta.org |