Birobidzjan
From Wikipedia, the free encyclopedia
Birobidzjan (Russysk: Биробиджа́н, IPA: [bʲɪrəbʲɪˈdʐan]; Jiddysk: ביראָבידזשאַן, Birobidzhan) is de haadstêd fan de Joadske Autonome Oblast (JAO) yn it Russyske Fiere Easten yn de Russyske Federaasje. De stêd leit oan de Transsibearyske Spoarline en leit net fier fan de Sineeske grins ôf. Neffens de Russyske folkstelling fan 2010 hie de stêd 75.413 ynwenners. De offisjele taal njonken it Russysk is it Jiddysk. Birobidzjan is neamd nei de twa grutste rivieren yn de JAO, de Bira en Bidzjan. De Bira, dy't eastlik fan de Bidzjandelling leit, rint troch de stêd hinne. Beide rivieren binne sydrivieren fan de Amoer.
Fluch de feiten Flagge, Wapen ...
Birobidzjan | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Joadske Autonome Oblast |
Sifers | |
Ynwennertal | 68.823 (rûzing 2022) |
Oerflak | 169,38 km² |
Befolkingstichtens | 450 ynw. / km² |
Hichte | 80 m |
Oar | |
Stifting | 1931 1937 (stedsrjochten) |
Tiidsône | (UTC+10) |
Koördinaten | 48° 44' N 132° 57' E |
Webside | Side fan de stêd |
Slute