Bretanje (regio)
administratyf regio fan Frankryk / From Wikipedia, the free encyclopedia
Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʁəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj") is in bestjoerlike regio dy't yn it uterste westen fan Frankryk leit. De haadstêd is Rennes. De regio beslacht it grutste part fan it skiereilân en de histoaryske provinsje Bretanje, dêr't er net mei betize wurde moat. De regio, dy't yn 1956 oprjochte waard, bestiet út fjouwer Frânske departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine en Morbihan. Bretanje stiet fral bekend om syn Keltyske kultuer en megalityske monuminten.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Bretanje | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | bestjoerlike regio |
lân | Frankryk |
haadplak | Rennes |
grutste plak | Rennes |
sifers | |
ynwennertal | 3.433.155 (2020) |
oerflak | 27.208 km² |
befolkingstichtens | 126,2 / km² |
oar | |
stifting | 1956 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 48°00′ N 3°00′ W |
webside | www.bretagne.bzh |
Slute
- Net te betiizjen mei it skiereilân Bretanje.