David II fan Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
David II of David fan Bruce (Ingelsk: David Bruce; Midsiuwsk Skotsk-Gaelysk: Daibhidh a Briuis; modern Skotsk-Gaelysk: Dàibhidh Bruis; Normandysk-Frânsk: Dauid de Brus; Skotsk: David Brus; Dunfermline, 5 maart 1324 – Edinburch, 22 febrewaris 1371) wie kening fan Skotlân fan 1329 oant 1371. Hy wie de soan fan 'e ferneamde Skotske frijheidsstrider en kening Robert de Bruce, en groeide ûnder de Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch fierhinne op yn ballingskip yn Frankryk. Nei syn weromkear yn Skotlân joech er persoanlik lieding oan ferskate militêre aksjes tsjin Ingelân, wêrby't er yn 1346 kriichsfinzen nommen waard. Dêrnei brocht David alve jier troch yn 'e Ingelske finzenskip, û.m. yn 'e Toer fan Londen, foar't er yn 1357, oan 'e ein fan 'e oarloch, tsjin in meunsterlik hege lospriis frijlitten waard. Hy wie de twadde en lêste Skotske kening út it Hûs Bruce.
David II fan Skotlân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Skotsk | |
bertedatum | 5 maart 1324 | |
berteplak | Dunfermline (Skotlân) | |
stjerdatum | 22 febrewaris 1371 | |
stjerplak | Edinburch (Skotlân) | |
dynasty | Hûs Bruce | |
etnisiteit | Skotsk Iersk Ingelsk Normandysk | |
kening fan Skotlân | ||
regear | 1329 – 1371 | |
foargonger | Robert I | |
opfolger | Robert II | |
greve fan Carrick | ||
amtsperioade | 1324 – 1329 | |
foargonger | Robert | |
opfolger | Aleksander |