East River
From Wikipedia, the free encyclopedia
De East River ('Eastrivier') is tagelyk in seestrjitte en in trachterfoarmige mûning mei tij yn New York City; oan de súdkant leit it wetter oan de Upper New York Bay en oan de noardkant oan de Long Island Sound. De strjitte skiedet sawol Long Island as de stedswiken Queens en Brooklyn fan it eilân fan Manhattan en the Bronx.
Meidat de Eastrivier ferbining hat mei de Long Island Sound, wurdt er ek wol de Sound River neamd.