Edwert III fan Ingelân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edwert III (Ingelsk: Edward III; Kastiel fan Windsor (Ingelân), 13 novimber 1312 – Londen, 21 juny 1377) wie kening fan Ingelân fan 1327 oant 1377. Hy stiet bekend om syn súksessen op it slachfjild en teffens om syn politike feardichheden. Nei it jammerdearlik ferrûne regear fan syn heit Edwert II wûn hy it foar in grut part ferlern giene keninklik gesach werom. Under syn regear ûntjoech it Keninkryk Ingelân him ta ien fan 'e sterkste militêre machten fan Jeropa, mar tagelyk koed er de Skotten net de baas yn 'e Twadde Skotske Unôfhinklikheidsoarloch, en stoarte er syn lân út dynastike abysjes yn 'e Hûndertjierrige Oarloch mei Frankryk, dy't nei syn eigen dea noch lang fuortslepe soe. Edwert III regearre fyftich jier, wêryn't û.m. it Ingelske parlemint wichtige ûntwikkelings trochmakke en Ingelân troffen waard troch de pest.
Edwert III fan Ingelân | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
nasjonaliteit | Ingelsk | |
bertedatum | 13 novimber 1312 | |
berteplak | Kastiel fan Windsor (Ingelân) | |
stjerdatum | 21 juny 1377 | |
stjerplak | Londen (Ingelân) | |
dynasty | Hûs Plantagenet | |
etnisiteit | Ingelsk Aragoneesk Flaamsk Frânsk Hongaarsk Leöneesk Normandysk Oksitaansk Portegeesk Savoaisk Skotsk Spaansk | |
kening fan Ingelân hear fan Ierlân | ||
regear | 1327 – 1377 | |
foargonger | Edwert II | |
opfolger | Richard II | |
kening fan Frankryk (titulêr) | ||
regear | 1340 – 1360 1369 – 1377 | |
foargonger | Karel IV | |
opfolger | Richard II | |
hartoch fan Akwitaanje | ||
regear | 1325 – 1362 | |
foargonger | Edwert II | |
opfolger | Edwert (de Swarte Prins) | |
hartoch fan Akwitaanje | ||
regear | 1372 – 1377 | |
foargonger | Edwert (de Swarte Prins) | |
opfolger | Richard II | |
greve fan Pontelân (Ponthieu) | ||
regear | 1325 – 1369 | |
foargonger | Edwert II | |
opfolger | Jakobus I |