Fleanboat
From Wikipedia, the free encyclopedia
In fleanboat is in type wetterfleantúch (in fleantúch dat opstiget fan en lânet op oerflaktewetters), wêrby't it driuwfermogen foar it meastepart levere troch de romp fan 'e fleanmasine. Om't de fleantúchromp yn it wetter rêst, hat er sterk it oansjen fan in skipsromp. Foar de stabiliteit binne faak oan 'e wjukken fan 'e fleanboat lytse driuwers oanbrocht. Dy binne ynklapber, sadat se by it fleanen net foar ekstra luchtwjerstân soargje. Om it driuwfermogen fan 'e romp te ûnderstypjen, binne der driuwers yn 'e romp ynboud. De wjukken sitte by in fleanboat heech oan 'e sydkanten fan 'e romp om se út it wetter te hâlden. Ek kin it wêze dat sa'n fleanmasine mar ien trochrinnende wjuk hat, dêr't de fleantúchromp ûnder hinget.