Golden Globe foar Bêste Film – Drama
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golden Globe foar Bêste Film – Drama (Ingelsk: Golden Globe Award for Best Motion Picture – Drama) is in Amerikaanske priis op it mêd fan films, dy't sûnt 1944 elts jier ein jannewaris útrikt wurdt oan 'e as bêste beoardiele lange dramafilm fan it foargeande jier. It is ien fan 'e Golden Globes, dy't útrikt wurde troch de Hollywood Foreign Press Association (HFPA) by in útrikkingsseremoanje yn it Beverly Hilton yn Beverly Hills. Sûnt 1952 omfiemje Golden Globes twa prizen foar spylfilms; de oare is de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.
Fluch de feiten
Golden Globe foar Bêste Film – Drama | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | bêste lange dramafilm | |
útrikt troch | HFPA | |
frekwinsje | 1x yn 't jier | |
datum | jannewaris | |
plak | Beverly Hills (Kalifornje) | |
ynsteld | 1943 | |
1e útrikking | 1944 | |
offisjele webside | ||
www.goldenglobes.com |
Slute