Golf fan Biskaje
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golf fan Biskaje (Spaansk: Golfo de Vizcaya, Frânsk: Golfe de Gascogne, Baskysk: Bizkaiko Golkoa) is in seeboezem tusken Frankryk en Spanje dy't him útstrekt fan Bretanje oant de noardkust fan Spanje. De golf is neamd nei de Spaanske provinsje Biskaje.
Fluch de feiten
Golf fan Biskaje | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | n. fan it Ibearysk Skiereilân, w. fan Súd-Frankryk, s. fan Bretanje | |
lân | Frankryk Spanje | |
koördinaten | 45°30′ N, 4°24′ W | |
ûnderdiel fan | Atlantyske Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 594 km | |
maks. breedte | 511 km | |
oerflak | 223.000 km² | |
djiptegemiddelde | 1.744 m | |
djipste punt | 4.735 m | |
wetterfolume | 389.000 km³ | |
Satellytfoto mei opljochtsjende algen yn 'e Golf fan Biskaje. |
Slute
De golf hie, mei rjocht en reden, de namme by stoarm tige gefaarlik te wêzen. Oan trije kanten is de golf troch lân omsletten, mar oan de westkant komt de folle wyn fan de Atlantyske Oseaan oansetten. Sylskippen dy't ienkear yn de golf wienen koenen by westerstoarm net mear weikomme en waarden troch de Atlantyske wyn nei de legerwâl fan de Frânske kust dreaun.