Gruttestêdebelied
From Wikipedia, the free encyclopedia
It gruttestêdebelied (GSB) waard yn 1994 troch de Nederlânske ryksoerheid opset as spearpunt fan it kabinet-Kok I. Hy waard opset ûnder lieding fan steatssekretaris Jacob Kohnstamm (D66), en ûnder it kabinet-Kok II fuortset troch minister Roger van Boxtel (D66). Under de kabinetten-Balkenende ferdwûn it nei de eftergrûn. De minister foar it grutte-stêdebelied en yntegraasje waard ferfongen troch in minister foar Ymmigraasje, Yntegraasje en Asyl.