Gustave Courbet
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gustave Courbet (Ornans, 10 juny 1819 – La Tour-de-Peilz (Switserlân), 31 desimber 1877) wie in Frânsk realistysk skilder, dy't as in foarrinner fan it ympresjonisme sjoen wurdt. Hy nimt in grut plak yn yn njoggentjinde-iuwske Frânske skilderkeunst, fral as fernijer en skilder dy't ree wie om in grutte sosjale krityk yn syn wurk te leverjen.