Guys and Dolls (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Guys and Dolls is in Amerikaanske romantyske misdiekomeedzje, yn 'e foarm fan in filmmusical, út 1955 ûnder rezjy fan Joseph L. Mankiewicz. De haadrollen yn dizze Technicolor-film waarden fertolke troch Marlon Brando, Jean Simmons, Frank Sinatra en Vivian Blaine. De titel betsjut "Jonges en Fammen", mar dan yn sprektaal, dus mear as "Knapen en Wiven". De film waard basearre op 'e toanielmusical mei deselde namme út 1950, dy't sels wer basearre wie op in pear koarte ferhalen út in ferhalebondel fan Damon Runyon. It ferhaal giet oer in pear lytse kriminelen, Nathan Detroit en Sky Masterson, dy't belutsen binne by yllegaal gokken. Se geane ûnderling in weddenskip oan dat it Sky net slagje sil om in frou fan Nathan syn kar mei út te nimmen op in ôfspraakje yn Havana. Nathan kiest dêrfoar sersjant Sarah Brown út, in sindelinge fan in Leger des Heils-eftige organisaasje dy't him bot oankantet tsjin gokken. It slagget Sky wol deeglik om har mei te krijen, mar syn snoade plantsjes rinne averij op as er fereale op har rekket. Guys en Dolls krige fan 'e filmkritisy oer it algemien tige positive resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film ek kommersjeel súksesfol. Guys en Dolls waard nominearre foar fjouwer Oscars en wûn twa Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Musical of Komeedzje.
Guys and Dolls | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joseph L. Mankiewicz | |
produsint | Samuel Goodwyn | |
senario | Joseph L. Mankiewicz | |
basearre op | ● de ferhalebondel fan Damon Runyon ● de toanielmusical fan Abe Burrows, Jo Swerling en Frank Loesser | |
kamerarezjy | Harry Stradling | |
muzyk | Frank Loesser (lieten) Jay Blackton (filmmuzyk) Cyril J. Mockridge (filmmuzyk) | |
filmstudio | Samuel Goldwyn Productions | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer | |
spilers | ||
haadrollen | Marlon Brando Jean Simmons Frank Sinatra Vivian Blaine | |
byrollen | Stubby Kaye Johnny Silver B.S. Pully Robert Keith Sheldon Leonard | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 3 novimber 1955 | |
foarm | lange filmmusical | |
sjenre | romantyske misdiekomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 150 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $5,5 miljoen | |
opbringst | $9,1 miljoen | |
prizen | 2 × Golden Globe |