Halle Berry
From Wikipedia, the free encyclopedia
Halle Maria Berry (Cleveland (Ohio), 14 augustus 1966) is in Amerikaanske aktrise en model. Hja wie yn 2002 de earste kleure aktrise ea dy't de Oscar foar Bêste Aktrise wûn foar har rol yn Monster's Ball. Dêrneist krige se noch mear as 25 aktearprizen takend, ûnder oaren in Sulveren Bear (foar Monster's Ball), in Emmy Award en in Golden Globe (beide foar Introducing Dorothy Dandridge).
Berry hat in Ingelske mem en in Afro-Amerikaanske heit. Foar't se aktrise waard, die sy mei oan missferkiezingen, ûnder oaren de Miss Teen All-American. Dêrnei waard hja ek model. Berry die yn 1986 mei oan de Miss FSA-ferkiezing en se waard twadde.
Op 3 april 2007 krige Berry in stjer op de Hollywood Walk of Fame.