Hermann Göring
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hermann Wilhelm Göring (Rosenheim (Beieren), 12 jannewaris 1893 – Neurenberch, 15 oktober 1946) wie ien fan de wichtichste Dútske politisy en militêre lieders yn it diktatoriale rezjym fan Adolf Hitler yn Dútslân. Hy wie de opjochter fan de Gestapo en de Luftwaffe. Ek wie er in skoft minister fan Binnenlânske Saken en minister foar de Loftmacht. Nei de oarloch waard er berjochte as ûnderdiel fan 'e Prosessen fan Neurenberch, mar foar't der yn syn saak in útspraak dien wurde koe, wist er himsels yn syn sel troch fergiftiging tekoart te dwaan.