De Hongaarske Opstân of de Hongaarske Revolúsje fan 1848 wie in algemiene opstân yn 'e etnysk Hongaarske dielen fan it Keninkryk Hongarije, dy't begûn yn it Revolúsjejier 1848. De Hongaren wiene wisberet om selsbestjoer te winnen nei mear as trijehûndert jier oerhearsking troch de Eastenrykske Habsburch-dynasty. Troch in ûnfersoenlike opstelling fan sawol de Eastenrykske konservativen as de Hongaarske separatisten, dy't in folsleine ôfskieding fan Hongarije bewurkmasterje woene, rûn it konflikt út op in iepen rebûlje. Dêrby namen de Hongaren it net inkeld op tsjin 'e Eastenrikers, mar ek tsjin 'e Kroäten, de Serven, de Roemenen, de Slowaken en ferskate oare etnyske minderheden yn eigen lân, dy't de kant fan Eastenryk keazen. Nettsjinsteande dat lieken de Hongaren op 'e oerwinning oan te gean, oant se troch de Russen, dy't bûnsgenoaten fan 'e Eastenrikers wiene, yn 'e rêch oanfallen waarden. Dêrnei wie it rillegau dien mei de opstân. It Eastenrykske leger fierde nei de oerjefte fan 'e Hongaren in skoft lang in wier skrikbewâld yn Hongarije.
Hongaarske Opstân (1848) |
![](//upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/21/March15.jpg/300px-March15.jpg) Sándor Petőfi lêst op 15 maart 1949 syn Nasjonaal Gedicht foar oan in mannichte folk (op in skilderij fan Mihály Zichy). |
|
datum: | 15 maart 1848 – 4 oktober 1849 |
plak: | Hongarije, Slowakije, Transsylvaanje en de Woiwodina |
útkomst: | opstân delslein, status quo noch 20 jier hanthavene |
casus belli: | selsbestjoer foar it Keninkryk Hongarije |
konfliktpartijen |
|
befelhawwers |
Lajos Batthyány ‡ Lajos Kossuth
Artúr Görgei
Sándor Petőfi †
György Klapka
János Damjanich ‡
Lajos Aulich ‡
János Móga
Józef Bem
Henryk Dembiński
Józef Wysocki
Peter Giron ‡
Alessandro Monti |
keizer Ferdinand I keizer Frâns Joazef Alfred I von Windisch- Grätz Ludwig von Welden
J.J. von Haynau
Josip Jelačić
Stevan Knićanin Ľudovít Štúr Avram Iancu Hryhory Jachymovytsj tsaar Nikolaas I Ivan Paskevitsj |
|
sterkte |
|
ferliezen |
24.000 deaden
|
12.000 deaden
13.600 deaden |
|
|
|