I Am Legend (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
I Am Legend is in Amerikaansk-Britske post-apokalyptyske science fiction-horrorfilm út 2007 ûnder rezjy fan Francis Lawrence, mei yn 'e haadrol Will Smith. De titel betsjut "Ik Bin Leginde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Richard Matheson út 1954. It ferhaal giet oer Robert Neville, in firolooch fan it Amerikaanske Leger dy't as iennichste minske yn New York yn libben bliuwt nei't in firus frijwol de hiele wrâldbefolking útrûge hat. I Am Legend lll krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in daverjend kommersjeel súkses.
Fluch de feiten
I Am Legend | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Francis Lawrence | |
produsint | Akiva Goldsman James Lassiter David Heyman Neal H. Moritz | |
senario | Mark Protosevich Akiva Goldsman | |
basearre op | I Am Legend fan Richard Matheson | |
kamerarezjy | Andrew Lesnie | |
muzyk | James Newton Howard | |
filmstudio | Villiage Roadshow Pictures Weed Road Pictures Overbrook Entertainment Heyday Films Original Film 3 Arts Entertainment | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Will Smith | |
byrollen | Alice Braga Dash Mihok Charlie Tahan | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Feriene Keninkryk | |
premiêre | 14 desimber 2007 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | science fiction-horrorfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 101 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $150 miljoen | |
opbringst | $585,3 miljoen | |
prizen | 1 × Saturn Award |
Slute