Jûkatan (skiereilân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jûkatan (Spaansk: Yucatán) of it Jûkatanskiereilân (Spaansk: Península de Yucatán), soms oantsjut as de Jûkatan, is in reuseftich skiereilân yn it súdeasten fan Meksiko. It byhearrende eigenskipswurd is Jûkateeksk, en de bewenners fan it gebiet binne Jûkateken. It Jûkateeksk is ek ien fan 'e Mayaanske talen. Jûkatan moat net betize wurde mei de Meksikaanske steat Jûkatan, dy't mar in diel fan it skiereilân omfettet. It Jûkatanskiereilân beslacht in oerflak fan krapoan 142.000 km², mei in ûndergrûn dy't frijwol hielendal út kalkstien bestiet, en hat in befolking fan 4,5 miljoen minsken. It gebiet makke yn 'e prekolumbiaanske tiid diel út fan 'e Maya-beskaving. Tsjintwurdich stiet it benammen bekend om it mondêne baaiplak Cancún en om 'e ruïnes fan âlde Maya-stêden, lykas Chichén Itzá.
Jûkatan Yucatán | ||
polityk | ||
soarte gebiet | skiereilân | |
lân | Meksiko | |
steat | Campeche, Jûkatan, Quintana Roo | |
haadplak | Mérida | |
sifers | ||
ynwennertal | 4.499.000 (2015) | |
oerflak | 141.736 km² | |
befolkingstichtens | 31,7 / km² | |
oar | ||
tiidsône | UTC –6 | |
simmertiid | UTC –5 |