John Watson (personaazje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
John Watson (útspr.: [ˈʤɔ.n ˈwɔtsən], likernôch "dzjôn ûòt-sun"), folút: John H. Watson, mar almeast oantsjut as dokter Watson, is in fiktyf personaazje út 'e Sherlock Homes-searje fan detektiveromans en -ferhalen fan 'e Britske skriuwer sir Arthur Conan Doyle. Watson is de fêste selskipsman fan 'e ferneamde privee-detektive Sherlock Holmes, en fungearret as dy syn hantlanger, klankboerd en biograaf. De ferhalen oer Holmes wurde ferteld yn it ik-perspektyf út 'e persoan fan Watson wei. As sadanich is er it alter ego fan syn geastlike heit Doyle.
Fluch de feiten
John H. Watson personaazje út 'e Sherlock Holmes-searje | ||
Dokter Watson (l.) en Sherlock Holmes (rj.) op in yllustraasje fan Sidney Paget. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | manlik | |
soarte personaazje | minske | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berop/amt | legerdokter skriuwer | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Sherlock Holmes Mycroft Holmes ynspekteur Lestrade Irene Adler professor Moriarty | |
attributen | hoed snor | |
geastlike heit | sir Arthur Conan Doyle | |
ûntstean | 1887 |
Slute