Koerilen
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Koerilen, ek wol stavere as Kûrilen en Kurilen (Japansk: クリル列島, Kuriru-rettō; Russysk: Курильские Острова, Kuriljskije Ostrova), binne in fulkanyske eilannegroep yn 'e foarm fan in keatling dy't him útstrekt oer in lingte fan likernôch 1.300 km, fan it Russyske skiereilân Kamtsjatka, yn it Fiere Easten fan Sibearje, oant it noardlike Japanske eilân Hokkaido. De arsjipel bestiet út 56 eilannen en withoefolle lytsere, boppe de weagen útstekkende rotsen, mei in mienskiplik oerflak fan 10.503,2 km². Mei-inoar foarmet de eilannekeatling de skieding tusken de noardlike Stille Oseaan yn it easten en de See fan Ochotsk yn it westen. Om it besit fan 'e Koerilen wurdt al seker oardel iuw tsierd troch Ruslân en Japan.