Lech Wałęsa
From Wikipedia, the free encyclopedia
Lech Wałęsa (útspr.: [lɛx va'wɛ̃sa], likernôch "lech va-û-ênsa" (mei in nasale ê en in stomme n); yn Nederlânske media ornaris misstavere as Lech Walesa of Lech Walensa; Popowo, 29 septimber 1943) is in Poalsk âld-fakbûnslieder, minskerjochte-aktivist en politikus. As elektrisiên wied er yn 1980 ien fan 'e oprjochters fan Solidariteit, it earste ûnôfhinklike fakbûn yn 'e Eastbloklannen, dêr't er tsien jier lang foarsitter fan wie. Nettsjinsteande ferfolging troch de kommunistyske autoriteiten fan Poalen hold Wałęsa yn dy rol steech fol. Yn 1983 waard syn freedsum krewearjen foar minskerjochten beleanne mei de Nobelpriis foar de Frede. Doe't yn 1989 it Izerne Gerdyn foel, late Wałęsa de ûnderhannelings dy't útmûnen yn 'e earste semy-frije ferkiezings fan Poalen. Dêrnei tsjinne er fanôf 1990 fiif jier lang as presidint fan syn heitelân.
Lech Wałęsa | ||
politikus | ||
echte namme | Lech Wałęsa | |
nasjonaliteit | Poalsk | |
bertedatum | 29 septimber 1943 | |
berteplak | Popowo (Poalen) | |
etnisiteit | Poalsk | |
prizen | Nobelpriis f.d. Frede 1983 Pres. Frijheidsmedalje 1989 | |
presidint fan Poalen | ||
amtsperioade | 1990 – 1995 | |
foargonger | Wojciech Jaruzelski | |
opfolger | Aleksander Kwaśniewski | |
foarsitter fan Solidariteit | ||
amtsperioade | 1980 – 1990 | |
foargonger | nimmen (nij oprjochte) | |
opfolger | Marian Krzaklewski |