Long Island
From Wikipedia, the free encyclopedia
Long Island (Ingelsk foar "Lang Eilân"; útspr.: [lɔːŋ ai̭lənd], likernôch: "lông ailund") is in grut, tichtbefolke eilân foar de eastlike kust fan Noard-Amearika. It makket diel yn 'e Amerikaanske steat New York. De westlike râne heart ta de stêd New York en beslacht twa fan 'e fiif boroughs: Brooklyn en Queens. De rest fan Long Island is ferdield oer twa countys: Nassau en Suffolk. Ynwenners fan 'e stêd New York brûke de term 'Long Island' útslutend foar Nassau en Suffolk, dus sûnder Brooklyn en Queens dêrûnder te skaren. Neffens in skatting út 2020 wennen der doe op Long Island krapoan 8,1 miljoen minsken. It westlikste part fan it eilân hat fierwei de measte ynwenners, wylst it eastlike part in lanlik karakter behâldt.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Long Island | |
---|---|
De lokaasje fan Long Island yn 'e Amerikaanske steat New York. | |
flagge | wapen |
(ûnoffisjeel) |
|
polityk | |
soarte gebiet | eilân |
lân | Feriene Steaten |
steat | New York |
county | ● New York (stêd) ● Nassau County ● Suffolk County |
haadplak | New York (stêd) (ûnoffisjeel) |
grutste plak | New York (stêd) |
sifers | |
ynwennertal | 8.063.232 (2020) |
oerflak | 3.564 km² |
befolkingstichtens | 2.262,7 / km² |
oar | |
tiidsône | UTC –5 |
simmertiid | UTC –4 |
koördinaten | 40°08′ N 73°03′ E |
Slute
- Dizze side giet oer it eilân yn 'e Amerikaanske steat New York. Foar oare betsjuttings, sjoch: Long Island (betsjuttingsside).