Moskou (oblast)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Moskou Oblast (Russysk: Московская Область, Moskovskaja oblast; ek Подмосковье, Podmoskovje) is in oblast yn it Sintraal Federaal Distrikt fan Ruslân. Foar Ruslân is it in relatyf tichtbefolke en ekonomysk goed ûntwikkele gebiet..
Moskou oblast
Московская Область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | Oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sintraal Federaal Distrikt |
ekonomyske regio | Sintrale Ekonomyske Regio |
haadplak | Moskou (bestsjoerssintrum) |
grutste plak | Podolsk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 92% Oekraïners, Tataren, Wyt-Russen |
sifers | |
ynwennertal | 7.768.878 (2022) |
oerflak | 44.329 km² |
befolkingstichtens | 175,25 ynw. / km² |
oar | |
stifting | 14 jannewaris 1929 |
tiidsône | UTC +3 |
koördinaten | 55° 49' N 37° 20' E |
webside | www.mosreg.ru |
De oblast waard op 14 jannewaris 1929 oprjochte en wurdt ek wol "prigorod" ('pri' = by en 'gorod' = stêd), om't it bestjoersgebiet de hiele stêd Moskou omfiemet. It oerflak fan de oblast nimt ôf mei de útwreiding fan de stêd. Sûnt 1961 is de stêd Moskou wat oerflak oanbelanget meardere kearen oer de kop gien.
Moskoviten hawwe graach in plakje bûten de stêd om te rekrëearjen. In grut part fan de Moskouse ynwenners hat dêrom in datsja yn de oblast Moskou en mei't de wolfeart tanimt wurde der ek jimmeroan mear kottedzji boud; moderne hûzen foar de wat rikere boppelaach fan 'e befolking. Fral it plattelân is populêr.