Niagarawetterfal
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Niagarawetterfallen (Ingelsk: Niagara Falls, Frânsk: Chutes Niagara) hearre ta de grutste en bekendste wetterfallen fan de wrâld. De wetterfal bestiet út trije parten: de Horseshoe Falls, de American Falls en de Bridal Veil Falls. Se lizze op de grins fan de Feriene Steaten en Kanada tusken twa stêden mei deselde namme: Niagara Falls yn de Amerikaanske steat New York en Niagara Falls yn de Kanadeeske provinsje Ontario. De stêden binne ferbûn troch de Rainbow Bridge, in brêge oer de rivier de Niagara, ûnder de wetterfallen.