Nij-Skotlân
From Wikipedia, the free encyclopedia
Nij-Skotlân (Ingelsk: Nova Scotia, útspr.: ['no:uvǝ 'sko:uʃǝ]; Frânsk: Nouvelle-Écosse; Skotsk-Gaelysk: Alba Nuadh) is ien fan 'e tsien provinsjes fan Kanada. It leit yn it uterste súdeasten fan it lân, dêr't it mei Nij-Breunswyk en Prins Edwardeilân gauris beflapt wurdt ûnder de namme fan de Kustprovinsjes (the Maritimes). Teffens heart it ta de regio Atlantysk Kanada. Wat oerflak oanbelanget is Nij-Skotlân ien fan 'e lytste provinsjes fan Kanada, mei mar 0,6% fan it nasjonaal grûngebiet. De haadstêd en teffens de grutste stêd fan 'e provinsje is Halifax. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2011 hie Nij-Skotlân doe hast 922.000 ynwenners, wat delkomt op 2,8% fan 'e totale Kanadeeske befolking.
Fluch de feiten flagge, wapen ...
Nij-Skotlân Nova Scotia | |
---|---|
flagge | wapen |
Latyn: Munit haec et altera vincit ("De iene ferdigenet en de oare oerwint") | |
lokaasje yn Kanada | |
algemien | |
ôfkoarting | NS |
lân | Kanada |
status (jier) | provinsje (1867) |
haadstêd | Halifax |
grutste stêd | Halifax |
offisjele taal | Ingelsk (de facto) |
sifers | |
ynwennertal | 921.727 (2011) |
befolkingstichtens | 17,3 / km² |
oerflak | 55.283 km² (ynkl. wetter) 53.338 km² (allinnich lân) |
bykommende ynformaasje | |
tiidsône | UTC -4 |
webside | www.gov.ns.ca |
Slute