Norman (Oklahoma)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Norman (útspr.: ['nɔɹmən], likernôch: "nor-m'n") is in stêd yn it sintrale diel fan 'e Amerikaanske steat Oklahoma. It is it haadplak fan it omlizzende Cleveland County en makket diel út fan 'e stêdekloft fan Oklahoma City. Norman waard stifte yn 'e tiid fan 'e saneamde Lânrin fan 1889. Sûnt 1890 is it de sit fan 'e Universiteit fan Oklahoma. Op 'e kampus fan 'e universiteit binne twa museä fan namme fêstige, it Fred Jones Jr. Museum of Art en it Sam Noble Oklahoma Musuem of Natural History, en ek it National Weather Center. Neffens in offisjele skatting út 2018 hie Norman doe krapoan 124.000 ynwenners.
Fluch de feiten
Norman | ||
De haadstrjitte fan Norman. | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Oklahoma | |
County | Cleveland County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 123.471 (2018) | |
Oerflak | 490,57 km² (ynkl. wetter) 463,27 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 266,5 / km² | |
Stêdekloft | Oklahoma City | |
Hichte | 357 m | |
Oar | ||
Stifting | 1889 | |
Tiidsône | UTC –6 | |
Simmertiid | UTC –5 | |
Koördinaten | 35°13′12″N 97°26′24″W | |
Offisjele webside | ||
www.normanok.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Norman yn Cleveland County en yn 'e steat Oklahoma. |
Slute