Pierre-Auguste Renoir
From Wikipedia, the free encyclopedia
Pierre-Auguste Renoir (Limoges, 25 febrewaris 1841 - Cagnes-sur-Mer, 3 desimber 1919) wie in Frânsk ympressionistysk keunstskilder.
As kleanmakkerssoan wurke Renoir op syn trettjinde as learling-skilder. Hy skildere blommen op keramyk. Doe't dat proses automatisearre waard moast er oerstappe op oar wurk. Renoir skildere benammen skilderijen fan froulju en portretten.
Renoir waard begroeven yn Essoyes, neist Aline. Syn beide jongste soannen lizze dêr ek. Syn lêste hûs yn Cagnes in (Súd-Frankryk), yn de neite fan Nice, is no it Renoir Museum en is (nei restauraasje) te besichtigjen. It hûs hat in grutte tún mei oliifbeammen.