Proto-Dynastyk Tiidrek
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Proto-Dynastyk Tiidrek, ek wol oantsjut as Dynasty 0 of Nakada III of it Semainysk Tiidrek (nei in argeologysk fynplak by As-Semaina), wie de lêste faze fan 'e predynastike Nakadakultuer yn 'e prehistoarje fan it Alde Egypte. De perioade folge op Nakada II en gie foarôf oan it Ier-Dynastyk Tiidrek. It Proto-Dynastyk Tiidrek besloech rûchwei twa iuwen en rûn fan likernôch 3200 f.Kr. oant 3000 f.Kr. Yn dy snuorje ûntjoech it proses fan steatsformaasje, dat yn 'e foargeande perioade fan Nakada II úteinset wie, him fierder troch de oanstelling fan keningen fan wa't de nammen oerlevere binne en dy't oan it haad stiene fan machtige steaten. De oantsjutting 'Dynasty 0' is eins wat misliedend, om't dizze keningen gjin ûnderdiel útmakken fan (bekende) dynastyen. Yn it Proto-Dynastyk Tiidrek waarden de nammen fan 'e keningen fermelden yn ynskripsjes (saneamde serechs) op in ferskaat fan oerflakken, wêrûnder ierdewurk en grêftomben.