Run-D.M.C.
From Wikipedia, the free encyclopedia
Run-D.M.C.' (of Run DMC) wie in hiphop-band út de Feriene Steaten. Run-D.M.C. wurdt mei Grandmaster Flash, Boogie Down Productions en Public Enemy as grûnlizzer fan de hiphop-sêne sjoen. De groep waard yn 1982 oprjochte troch Jason Mizell (Jam Master Jay), Joseph Simmons (Run) en Darryl McDaniels (D.M.C.) yn New York. Yn 1983 kaam harren foarste singel út mei de titel It's Like That/Sucker MC's dat fuort in hit wie. In oare hit fan Run-D.M.C. is Walk This Way. Op 20 oktober 2002 waard Jam Master Jay yn in muzykstudio yn de New Yorkske wyk Queens troch in ûnbekende delsketten. Dat wie ek de ein fan Run-D.M.C.
Fluch de feiten
Run-D.M.C. | ||
band | ||
Logo fan Run-D.M.C. | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | hiphop | |
bestean | 1982 – 2002 | |
label(s) | Profile, Arista | |
leden | ||
D.M.C. | ||
Jam Master Jay | ||
DJ Run |
Slute