Tasjkent
From Wikipedia, the free encyclopedia
Tasjkent (Oezbeeksk: Toshkent; Russysk: Ташкент, "Stienstêd") is de haadstêd fan Oezbekistan en leit tichtby de grins mei Kazachstan, Kirgyzje en Tadzjikistan. It hat hast trije miljoen ynwenners - mei in grutte Russyske minderheid – en is de wichtichste stêd yn Sintraal-Aazje.
Tasjkent Toshkent | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Oezbekistan | |
Provinsje | gjint (federaal distrikt) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.909.466 (2022) | |
Oerflak | 334,8 km² | |
Befolkingsticht. | 8.690,2 / km² | |
Hichte | 455 m | |
Oar | ||
Stifting | 5e iuw f.Kr. | |
Tiidsône | UTC +5 | |
Simmertiid | (gjin simmertiid) | |
Koördinaten | 41°18′40″N 69°16′47″W | |
Offisjele webside | ||
tashkent.uz | ||
Kaart | ||
Oars as in protte oare stêden yn dy kontreien is Tasjkent in frijwat moderne stêd. It hat bygelyks in modern metrosysteem, ferskillende universiteiten en hegesskoallen, bioskopen en konsertsealen, kantoaren fan kompjûterbedriuwen en grutte Amerikaanske en Europeeske bedriuwen, ensafuorthinne.
Yn it ferline wie Tasjkent in wichtige halte op de siderûte tusken Europa en Aazje. In soad histoaryske gebouwen binne fernield ûnder de sosjalistyske revolúsje fan 1917 en by in grutte ierdskodding yn 1966.
- Modern kantoargebou mei âlde kommunistyske flat op eftergrûn
- Oliy Majlis, it parlemintsgebou
- Kristlike tsjerke yn Tasjkent
- Spoarstasjon