The Dukes of Hazzard (telefyzjesearje)
From Wikipedia, the free encyclopedia
The Dukes of Hazzard ("De Dukes út Hazzard") wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't 7 seizoenen rûn, fan jannewaris 1979 oant febrewaris 1985. De rige waard yn in grut tal lannen útstjoerd; yn Nederlân wied er by de AVRO te sjen. It gie oer de aventoeren fan in famylje (de Dukes) yn it plakje Hazzard, earne yn it Suden fan 'e Feriene Steaten, dy't it net sa nau naam mei de wet, mar dochs troch en troch rjochtskepen wie. Harren tsjinstanners wiene de korrupte county-kommissaris J.D. Hogg en dy syn sweager, de ûnnoazele sheriff Rosco P. Coltrane, dy't se eltse kear wer te fluch ôf wiene. The Dukes of Hazzard stie fral bekend om syn spektakulêre efterfolgingssênes, dy't in hiele generaasje jonge tillefyzjesjoggers in ûnreälistysk byld joegen fan 'e keunstkes dy't se mei auto's úthelje koene.
The Dukes of Hazzard | ||
tillefyzjesearje | ||
De cast fan The Dukes of Hazzard. | ||
makkers | ||
betocht troch | Gy Waldron | |
ûntwikkele troch | Gy Waldron | |
produsint | Gy Waldron e.o. | |
tillefyzjestudio | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Wopat John Schneider Catherine Bach Denver Pyle James Best Sorrell Booke Ben Jones Sonny Shroyer Rick Hurst Waylon Jennings | |
skaaimerken | ||
sjenre | aksje-komeedzje | |
seizoenen | 7 | |
jierren | 1979-1985 | |
tal ôfl. | 145 | |
spyltiid (ôfl.) | 45-48 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
webside | www.warnervideo.com | |
besibbe searjes | The Dukes (animaasje) |