The Monuments Men
film út 2014 fan George Clooney / From Wikipedia, the free encyclopedia
The Monuments Men is in Amerikaansk-Dútske oarlochsfilm út 2014 ûnder rezjy fan George Clooney, mei yn 'e haadrollen hysels en Matt Damon. De titel betsjut "De Monumintemannen". De film is basearre op histoaryske foarfallen beskreaun yn it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Robert M. Edsel en Bret Witter. It ferhaal folget oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch in groep Alliëarde keunsthistoarisy dy't de opdracht krije om keunstwurken dy't troch de nazys rôve binne, op te spoaren, te rêden en wer te plak te bringen. The Monuments Men krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.
Fluch de feiten
The Monuments Men | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | George Clooney | |
produsint | George Clooney Grant Heslov | |
senario | George Clooney Grant Heslov | |
basearre op | it boek fan Robert M. Edsel en Bret Witter | |
kamerarezjy | Phedon Papamichael | |
muzyk | Alexandre Desplat | |
filmstudio | Columbia Pictures Fox 2000 Pictures Smokehouse Pictures Studio Babelsberg | |
distribúsje | Sony Pictures Releasing (N.-Am.) 20th Century Fox (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | George Clooney Matt Damon | |
byrollen | Bill Murray John Goodman Bob Babalan Hugh Bonneville Jean Dujardin Cate Blanchett | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Dútslân | |
premiêre | 7 febrewaris 2014 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | oarlochsfilm | |
taal | Ingelsk (ek wat Dútsk, Frânsk en Russysk) | |
spyltiid | 118 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $70 miljoen | |
opbringst | $155,6 miljoen |
Slute