Theo van Doesburg
From Wikipedia, the free encyclopedia
Theo van Doesburg, skûlnamme fan Christian Emil Marie Küpper (Utert, 30 augustus 1883 – Davos, 7 maart 1931) wie in Nederlânsk keunstner en skriuwer.
Hy wie fan 1899 ôf aktyf as keunstskilder en hie syn earste eksposysje yn 1908, skreau fan 1912 ôf keunstkritiken, ferhalen en toanielstikken yn ferskillende tydskriften en rjochte yn 1916 mei Piet Mondriaan, Vilmos Huszàr en Bart van der Leck in groep op, dêr't letter De Styl út fuort komme soe, neamd nei it yn 1917 troch Van Doesburg oprjochte en troch himsels redigearre tydskrift. Hy wie sûnt 1904 ek dichter, nei 1920 alinne ûnder it heteronym I.K. Bonset en publisearre fan 1921 ôf in anti-filosofyske roman ûnder pseudonym Aldo Camini. Dêrneist wie er dwaande mei typografy, fotografy, film, moade en muzyk. Van Doesburg besocht in wrâld te skeppen dêr't alle keunsten in mear ferheffende, a-politike en lykweardich plak neist elkoar ynnamen yn it ramt fan de Nije Bylding. Om it safier te krijen socht er oansluting by de ynternasjonale avant-garde. Krekt foar syn dea fêstige er him as arsjitekt yn Meudon.