True Grit (film út 2010)
From Wikipedia, the free encyclopedia
True Grit is in Amerikaanske westernfilm út 2010 ûnder rezjy fan Joel en Ethan Coen, mei yn 'e haadrollen Hailee Steinfeld, Jeff Bridges en Matt Damon. De titel is in Amerikaansk-Ingelske útdrukking dy't safolle betsjut as "wiere moed". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme fan Charles Portis, en kin teffens beskôge wurde as in remake fan 'e western True Grit út 1969, mei John Wayne. It ferhaal giet oer Mattie Ross, in foarlik mar djip religieus fjirtjinjierrich famke, dat de rûge alkoholistyske U.S. marshal Rooster Cogburn foar har wein spant om har mei te nimmen op 'e jacht nei de moardner fan har heit. It allegeduerigen tsierende duo wurdt beselskippe troch de Texas Ranger LaBoeuf, dy't efter deselde bandyt oan sit. True Grit waard tige goed ûntfongen troch de filmkritisy en wie ek in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wûn in BAFTA Award en waard nominearre foar tsien Oscars.
True Grit | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Joel Coen en Ethan Coen | |
produsint | Joel Coen en Ethan Coen Scott Rudin | |
útfierend produsint | Steven Spielberg | |
senario | Joel Coen en Ethan Coen | |
basearre op | de roman fan Charles Portis | |
kamerarezjy | Roger Deakins | |
muzyk | Carter Burwell | |
filmstudio | Skydance Productions Mike Zoss Productions Scott Rudin Productions | |
distribúsje | Paramount Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Hailee Steinfeld Jeff Bridges Matt Damon | |
byrollen | Josh Brolin Barry Pepper Domhnall Gleeson Bruce Green | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 22 desimber 2010 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | westernfilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 110 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $38 miljoen | |
opbringst | $250,9 miljoen | |
prizen | BAFTA Award 2011 |