Valéry Giscard d'Estaing
From Wikipedia, the free encyclopedia
Valéry Giscard d'Estaing (útspr.: [valeˈʁi ʒisˈkaːʁ dɛsˈtɛ̃], likernôch "va-lee-chy zjys-kaach des-tê"; folút: Valéry Marie René Georges Giscard d'Estaing; Koblenz, 2 febrewaris 1926 – Authon, 2 desimber 2020) wie in Frânsk konservatyf politikus dy't fan 1974 oant 1981 tsjinne as presidint fan Frankryk en ex officio ko-prins fan Andorra. Hy wie in aristokraat dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch by it ferset west hie en letter yn it Frânske Leger tsjinne hie. Foar syn presidintskip wied er twaris minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes. It regear fan Giscard d'Estaing as presidint waard karakterisearre troch in modernisearring fan it lân en liberalisearring fan wetjouwing oangeande sosjale kwestjes as skieding en abortus. Nei syn presidintskip wied er û.m. belutsen by it opstellen fan 'e yn 2005 fuortstimde Jeropeeske Grûnwet. Giscard d'Estaing kaam yn 2020 te ferstjerren oan COVID-19.
Valéry Giscard d'Estaing | ||
politikus | ||
Valéry Giscard d'Estaing yn 1975 | ||
echte namme | Valéry Marie René Georges Giscard d'Estaing | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
bertedatum | 2 febrewaris 1926 | |
berteplak | Koblenz (beset Rynlân) | |
stjerdatum | 2 desimber 2020 | |
stjerplak | Authon (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk Oksitaansk | |
partij | CNIP (1956-1962) FNRI (1966-1977) PR (1977-1995) UDF (1978-2002) PPDF (1995-1997) DL (1997-1998) UMP (2002-2004) | |
ûnderskiedings | Légion d'Honneur 1974 | |
foarsitter fan 'e Regionale Ried fan Auvernje | ||
amtsperioade | 1986 – 2004 | |
foargonger | Maurice Pourchon | |
opfolger | Pierre-Joël Bonté | |
lid fan it Jeropeesk Parlemint foar Frankryk | ||
amtsperioade | 1989 – 1993 | |
presidint fan Frankryk en ko-prins fan Andorra | ||
amtsperioade | 1974 – 1981 | |
foargonger | Georges Pompidou | |
opfolger | François Mitterand | |
Frânsk minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes | ||
amtsperioade | 1969 – 1974 | |
foargonger | François-Xavier Ortoli | |
opfolger | Jean-Pierre Fourcade | |
boargemaster fan Chamalières | ||
amtsperioade | 1967 – 1974 | |
foargonger | Pierre Chatrousse | |
opfolger | Claude Wolff | |
Frânsk minister fan Ekonomyske Saken en Finânsjes | ||
amtsperioade | 1962 – 1966 | |
foargonger | Wilfrid Baumgartner | |
opfolger | Michel Debré | |
Frânsk steatssekretaris fan Finânsjes | ||
amtsperioade | 1959 – 1962 | |
lid fan 'e Nasjonale Assimblee foar Puy-de-Dôme | ||
amtsperioade | 1956 – 1974 1984 – 2004 |