Vancouver (Washington)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Vancouver is in stêd yn 'e noardwestlike Amerikaanske steat Washington, en it haadplak fan it omlizzende Clark County. It is de op trije nei grutste stêd fan Washington (nei Seattle, Spokane en Tacoma), en leit oan 'e rivier de Columbia, dy't de (súdlike) grins fan Washington mei Oregon foarmet. Neffens in offisjele skatting út 2012 hie Vancouver doe goed 165.000 ynwenners. It is feitliks in foarstêd fan 'e metropoal Portland, oare kant de rivier yn Oregon, en heart ta in stêdekloft dy't in befolking fan krapoan 2,3 miljoen minsken hat. Om't in protte ynwenners fan Vancouver yn Portland wurkje, is der moarns en jûns geduerich filefoarming op 'e Interstate Bridge en de Glenn Jackson Bridge, de beide brêgen oer de Columbia dy't Vancouver mei Portland ferbine. Om Vancouver fan it folle gruttere Vancouver yn 'e Kanadeeske provinsje Britsk Kolumbia te ûnderskieden, wurdt foar it lytsere Amerikaanske plak gauris sprutsen fan the Couve, of ek wol fan Vantucky (in wurdboarterij op Kentucky, dat fierhinne út plattelân bestiet), al hat dy lêste oantsjutting wat delbûgends.
Vancouver | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington | |
County | Clark County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 165.489 (2012) | |
Oerflak | 129,1 km² (ynkl. wetter) 120,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.344,6 / km² | |
Stêdekloft | Portland (Oregon) | |
Hichte | 52 m | |
Oar | ||
Stifting | 1825 | |
Tiidsône | UTC -8 | |
Simmertiid | UTC -7 | |
Koördinaten | 45°38′01″N 122°36′10″W | |
Offisjele webside | ||
www.cityofvancouver.us | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Vancouver yn Clark County en yn 'e steat Washington. |