Vladimir Pûtin
Russysk politikus / From Wikipedia, the free encyclopedia
Vladimir Vladimirovitsj Pûtin, (Russysk: Владимир Владимирович Путин, (Leningrad, 7 oktober 1952) is in Russyske politikus en de twadde en fjirde presidint fan de Russyske Federaasje. De ôfkoarting fan syn namme (VVP) wurdt wol brûkt as syn bynamme en komt oerien mei de Russyske ôfkoarting foar "Bruto Ynlânsk Produkt" (VVP). Pûtin wurdt troch syn politike tsjinstanners as diktator sjoen, om syn ûnderdrukking fan de parsefrijheid en syn hurde optreden tsjin demonstraasjes en opstannen tsjin it regearingsbelied. By it meastepart fan de Russen is hy lykwols populêr omdat er stabiliteit, wolfeart en selsrespekt brocht hat.
Vladimir Pûtin Владимир Путин | ||
politikus | ||
Pûtin yn 2021 | ||
nasjonaliteit | Russysk | |
bertedatum | 7 oktober 1952 | |
berteplak | Leningrad, Sovjet-Uny | |
etnisiteit | Russysk | |
partij | • Kommunistyske Parij fan de Sovjet-Uny (oant 1991) • Unôfhinklik (1991-1995) • Us hûs - Ruslân (1995-1999) • Ienheid (1999-2001) • Unôfhinklik (2001-2008) • Feriene Ruslân (2008-2012) • Unôfhinklik (sûnt 2012) | |
Presidint fan Ruslân | ||
amtsperioade | sûnt 7 maaie 2012 | |
foargonger | Dimitri Medvedev | |
Premier fan Ruslân | ||
amtsperioade | 8 maaie 2008 - 7 maaie 2012 | |
foargonger | Viktor Sûbkov | |
opfolger | Dmitri Medvedev | |
Presidint fan Ruslân | ||
amtsperioade | 31 desimber 1999 - 7 maaie 2008 | |
foargonger | Boris Jeltsin | |
opfolger | Dmitri Medvedev | |
Premier fan Ruslân | ||
amtsperioade | 9 augustus 1999 - 7 maaie 2000 | |
foargonger | Sergei Stepasjin | |
opfolger | Michail Kasjanov | |
Sekretaris fan de Feiligensried | ||
amtsperioade | 9 maart 1999 - 9 augustus 1999 | |
foargonger | Nikolai Bordjûzja | |
opfolger | Sergei Ivanov | |
Direkteur fan de Feiligenstsjinst | ||
amtsperioade | 25 july 1998 - 9 maart 1999 | |
foargonger | Nikolai Kovaljov | |
opfolger | Nikolai Patrûsjev |
Hoewol't formeel sjoen binnen it Russyske bestjoerssysteem de presidint boppe de premier stiet, like it yn de praktyk Pûtin as premier noch altiten de rol fan werklike Russyske lieder te spyljen. Sa trede er by wichtige barrens meastentiids op as wurdfierder ynstee fan Medvedev en krige Pûtin op telefyzje folle mear stjoertiid as eardere premiers. Sûnt 7 maaie 2012 is Pûtin wer presidint fan Ruslân, mei Dimitri Medvedev oant 2020 as premier, dy't doe opfolge waard troc Michail Misjûstin.