Wilhelm Gustloff (skip)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Wilhelm Gustloff wie in passazjiersskip fan de nasjonaalsosjalistyske organisaasje Deutsche Arbeitsfront (DAF). It motorskip waard troch de organisaasje Kraft durch Freide (KdF) brûkt foar fakânsjereizen. Nei it begjin fan de Twadde Wrâldkriich op 1 septimber 1939 waard it skip mei oare skippen fan de KdF troch de marine brûkt as lazaretskip en om troepen oer te setten.
Fluch de feiten
Wilhelm Gustloff | ||
De Wilhelm Gustloff oan de kaai yn Dantzig | ||
algemiene ynformaasje | ||
flagge | Dútske Ryk | |
thúshaven | Hamburch | |
eigner | Deutsche Arbeitsfront | |
skiednis | ||
werf | Blohm & Voss, Hamburch | |
tewetterlitting | 5 maaie 1937 | |
yn de feart | 15 maart 1938 | |
út tsjinst | 30 jannewaris 1945 | |
status | Sonken en tsjintwurdich kriichsmonumint | |
bysûnderheden en sifers | ||
type | 1938–1939 passazjiersskip 1939–1940 lazaret 1940–1945 troepeskip | |
lingte | 208,9 meter | |
breedte | 23,5 meter | |
djipgong | 6,5 meter | |
passazjiers | 1.465 (lykas ûntwurpen) yn 489 hutten | |
oandriuwing | 4 × 8-sylinder MAN diselmotors 2 x 4 fjouwerblêdige skroeven | |
maks. faasje | 15,5 kn (28,7 km/o) | |
bewapening | 3 × 105 mm (4.1 in) loftôfwargeskut 8 × 20 mm (0.79 in) fluchfjoerkanonnen |
Slute
Op 30 jannewaris 1945 waard it skip foar de kust fan Pommeren rekke troch in torpedo fan de Sovjet-ûnderseeboat S-13. De rûzings binne dat der by it sinken fan de Wilhelm Gustloff tusken de 4.000 en mear 9.000 minsken omkommen binne. It wurdt yn de skiednis fan de seefeart as ien fan de grutste humanitêre rampen beskôge.