Ynfraread
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ynfraread of ynfrareade strieling (ynternasjonaal ôfkoarte ta IR, fan infrared of infrared radiation) ferwiist nei in diel fan it elektromagnetysk spektrum mei in weachlingte dy't fariëarret fan 0,7–1.000 µm (of 700–1.000.000 nm, of 0,0007–1 mm). Dy weachlingte is langer as dy fan sichtber ljocht, mar koarter as dy fan mikrostrielen (dy't bgl. brûkt wurde yn 'e magnetron). Ynfraread grinzget sadwaande oan 'e kleur read, de 'boppeste' útein fan it foar minsken sichtbere ljochtspektrum, krekt sa ultrafiolet grinzget oan 'e 'ûnderste' útein. Ynfrareade strieling waard yn 1800 ûntdutsen troch de Ingelske natuerkundige sir William Herschel, dy't by ûndersyk it bestean fan in foarm fan ûnsichtbere elektromagnetyske strieling fêststelde troch de effekten dy't dy strieling hie op in termometer. De ûntdutsen strieling wie leger yn enerzjygehalte as read ljocht en waard lange tiid 'hjittestrieling' neamd, oant tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw de term 'ynfraread' yn gebrûk kaam. De measte waarmtestrieling dy't ôfjûn wurdt troch organismen en foarwerpen dy't om ende by keamertemperatuer binne, bestiet út ynfrareade strieling. Fierders berikt justjes mear as de helte fan alle troch de sinne útstjitten enerzjy de Ierde yn 'e foarm fan ynfrareade strieling. Dat ynfraread yn it sinneljocht is fan krúsjaal belang foar it klimaat op 'e Ierde.