Bergen-Belsen
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bergen-Belsen wie in kriichsfinzenen- en konsintraasjekamp dêr't yn de Twadde Wrâldkriich goed 70.000 minsken de dea fûn hawwe. It wie ien fan de gruttere konsintraasjekampen yn Dútslân, yn de dielsteat Nedersaksen. It lei 60 km benoardeasten Hannover, ûnder Celle oan de súdrâne fan de Lüneburger Heide. Op de offisjele Dútske list fan konsintraasjekampen hat Bergen-Belsen nûmer 96.[1]