Golden Raspberry Award
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Golden Raspberry Awards binne in groep Amerikaanske anty-prizen, dy't útrikt wurde foar de minste prestaasjes op it mêd fan 'e film. Dizze prizen ûntstiene yn 1981, doe't de Amerikaanske tekstskriuwer John J.B. Wilson, dy't op 'e jûns dat yn 'e Feriene Steaten de útrikking fan 'e Oscars live útstjoerd waard altyd in feest by him thús joech, syn gasten frege om prizen ta te kennen foar de minste prestaasjes op filmgebiet. Neitiid besleat er dat barren te formalisearjen, en rjochte er dêrom de Golden Raspberry Award Foundation op, dy't de tawizing en útrikking fan 'e prizen sûnt yn 'e hannen hat.
Golden Raspberry Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | minste films | |
útrikt troch | Golden Raspberry Award Foundation | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | ein febrewaris | |
plak | Hollywood (Kalifornje) | |
ynsteld | 1982 | |
1e útrikking | 1981 (sjoch tekst) | |
offisjele webside | ||
www.razzies.com |
De namme fan 'e prizen ferwiist nei it Ingelske wurd raspberry, dat (njonken de haadbestjutting framboas) ek de namme is foar it lûd dat men makket as men de tonge tusken de lippen stekt en docht as oft men ôfskyt. De prizen wurde op jierlikse basis ein febrewaris útrikt yn njoggen ûnderskate kategoryen. Der wurdt dan in offisjele útrikkingsseremoanje holden yn Hollywood, mar de measte 'winners' komme net opdaagjen om harren 'priis' yn ûntfangst te nimmen. Utsûnderings wiene Tom Green (minste akteur & minste regisseur), Halle Berry (minste aktrise), Sandra Bullock (minste aktrise) en Paul Verhoeven (minste regisseur).