Kopertiid
From Wikipedia, the free encyclopedia
De kopertiid of koperstientiid, ek galkolitikum neamd, is in tiidrek dat wol beskôge wurdt as it lêste part fan de jonge stientiid en dêr't de minske yn learde it koper metaal te bewurkjen en dêr ark fan makke.
Trijeperioadesysteem | |||||||
Holo- seen |
Histoaryske Tiid | ||||||
La Tène-tiidrek | Proto- histoarje | ||||||
Hallstatt-tiidrek | |||||||
Izertiid | |||||||
Let | |||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Brûnstiid | |||||||
Neolitikum | Kopertiid | ||||||
Let | Pre- histoarje | ||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Mesoli- tikum of Epipaleo- litikum |
Let | ||||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Pleis- toseen |
Paleo- litikum | Let | |||||
Midden | |||||||
Ier | |||||||
Stientiid |
De âldste koperfynsten komme út Anatoalje (Turkije), om 8000 f.Kr. hinne. Ynearsten waard allinnich koper brûkt sa't it foarkomt yn de natuer. Pas yn it 5e millennium f.Kr. waard ûntdutsen dat guon ertsen, koper oplevere as sy hjit makke wurde. Dêrfoar hienen de minsken wol spesjale ûnen nedich: in gewoan houtskoalfjoer kin net waarmer wurde as 700 °C, en it smeltpunt fan koper leit by 1085 °C.